Slach by Cedar Creek (Montana)

Slach by Cedar Creek
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
datum: 21 oktober 1876
plak: oan 'e Cedar Creek, yn súdlik Montana
útkomst: taktyske Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Lakota Feriene Steaten
befelhawwers
Sittende Bolle Nelson A. Miles
sterkte
±300 398
ferliezen
6 deaden
ûnbekend tal ferwûnen
2 deaden
2 ferwûnen
kaart
Slach by Cedar Creek (Montana)
Slach by Cedar Creek
Lokaasje fan 'e Slach by Cedar Creek yn 'e Amerikaanske steat Montana.
Dizze side giet oer de Slach by Cedar Creek yn Montana yn 1876. Foar oare betsjuttings, sjoch: Slach by Cedar Creek.

De Slach by Cedar Creek (soms ek wol de Slach by Big Dry Creek of de Slach by Big Dry River neamd) wie in wapene treffen yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch, tusken de Lakota en it Amerikaanske Leger, dat plakfûn op 21 oktober 1876 oan 'e igge fan it beekje de Cedar Creek, yn súdlik Montana. Dizze skermutseling briek út nei't fredesûnderhannelings tusken kolonel Nelson A. Miles en it opperhaad Sittende Bolle op 'e non rûnen, en resultearre yn 'e oerjefte, seis dagen letter, fan 400 Lakota-tipys (likernôch 2.000 minsken).


Developed by StudentB